Twa deadlike ferkearsûngemakken

03 des 2000 - 14:25

In 60-jierrige man út Nijeberkeap is freed by in iensidich auto-ûngemak om it libben kommen. Hy is by Hoarnstersweach tsjin twa beammen botst nei't er slipt wie. Der lei in soad modder op de dyk. Hy is op it plak sels ferstoarn.

Yn Grou is sneon in motorrider by it postkantoar deadlik ferûngelokke. Hy krige gjin foarrang en wie op slach dea. Syn identiteit is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)