Gjin diskoshow mear yn Tytsjerk

© Omrop Fryslân
Der meie gjin diskoshows mear hâlden wurde yn doarpshûs Yn 'e mande yn Tytsjerk. It Stichtingsbestjoer hat dat besletten nei reboelje op strjitte. Ferline wike krige de jeugd út ferskate doarpen slaanderij mei elkoar.
Hûnderten jongeren komme op de diskojûnen ôf. It bestjoer siket nei in mooglike trochstart. Nei alle gedachten wurdt in paske-systeem ynfierd.