Spul oer ûnreplik guod belesting

© Omrop Fryslân
Der is ûnienichheid tusken de kolleezjepartijen fan de gemeente Smellingerlân oer de ûnreplik guod belesting. It konflikt giet om in ekstra weardeferheging foar hûzen dêr't sûnt 1992 útwreidingen, lykas garaazjes, by boud binne.
Oant no ta wie dat bûten de heffing bleaun. It kolleezje wol dat takom jier rjochtlûke. De opposysje en it CDA easkje lykwols in bettere ûnderbouwing.