Nuon nimt Feenstra oer

© Omrop Fryslân
De Nuon nimt Feenstra ferwaarming oer. It ynstallaazjebedriuw hat fêstigingen yn Drachten en op It Hearrenfean. Yn Fryslân wurkje 250 minsken by it bedriuw dat ferwaarmingssystemen yn huzen ûnderhâldt. Lanlik binne 1200 wurknimmers.
De fakbûnen wolle dat it enerzjybedriuw Nuon it personiel dúdlikheid jout oer de wurkgelegenheid en de arbeidsbetingsten nei de oername.