Amtners wolle gloednij stedhûs

01 des 2000 - 16:40

De amtners fan 'e gemeente Dongeradiel kieze foar in kompleet nij gemeentehûs oan 'e râne fan Dokkum. Dat die tongersdei bliken op in kommisjegearkomste, dêr't de polityk him útsprekke koe oer in fersobere boufariant.

De gemeenteried makket op 21 desimber in definitive kar oer de lokaasje fan it nije gemeentehûs. De binnenstêd makket de measte kâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)