Apotheker bliuwt yn Stienwyk

01 des 2000 - 13:17

Ald-boargemaster Hayo Apotheker fan Ljouwert bliuwt boargemaster fan Stienwyk. Hy wie dêr al sûnt begjin fan dit jier oan it wurk as waarnimmer.

Apotheker waard yn '98 minister fan lânbou. Yn 'e maaitiid fan 1999 stapte er al wer op, omdat er it net iens wie mei de hurde oanpak fan de bargehâlders. Foar syn koarte ministerskip wie Apotheker boargemaster fan 'e Fryske haadstêd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)