Reboelje yn Dokkum om nije loads

30 nov 2000 - 11:42

De bou fan in loads fan 6 meter heech en 13 meter lang oan de Dokkumer Woudhorne soarget foar opskuor. De eigner praat fan in garaazje, mar de buert fynt de ôfmjittingen dêr wat te grut foar en is bang dat it bouwurk har útsjoch bedjert.

Neffens CDA-wethâlder Lalkens kin yn dit gefal wol fan it bestemmingsplan ôfwykt wurde. De eigner seit dat de buert gewoan 'jaloersk' is op syn jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)