Enkête oer misstannen

© Omrop Fryslân
By útfieringsynstânsjes as it GAK is wat goed mis. Troch tanimmende burokrasy krije minsken te min ynformaasje en soms sels hielendal gjin útkearing, wylst se dêr wol rjocht op hawwe.
It fakbûn FNV hâldt dizze wike enkêtes ûnder de klanten fan de útfieringsynstânsjes om oan te toanen wat der mis is. Klanten kinne dan oanjaan wat se fine fan de tsjinstferliening.