Posysje wethâlder ûnder druk
De posysje fan FNP-wethâlder Oosterhof fan Dongeradiel stiet ûnder druk. Oosterhof soe de ried te let ynformearre hawwe oer finansjele problemen by Stichting De Oanset.
Benammen it CDA en de PvdA hawwe krityk op de wethâlder. Sy fine dat de gemeente by it pleatsen fan opdrachten te min sjoen hat nei de minne posysje fan De Oanset.