Klimrek mei earst stean bliuwe

30 nov 2000 - 10:15

De skoalbern fan De Bolster yn Balk kinne foarearst noch even boartsje op har klimrek. De buorlju hiene yn in rjochtsaak frege om ferwidering fan it rek om't se der lêst fan hawwe soene.

De buorlju fiele har oantaast yn har privacy, om't bern fan it rek ôf by har yn de tún sjen kinne. Ek is der gjin fergunning foar. De rjochter wol no dat der earst in fergunning oanfrege wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)