Taksy's earst noch op busbaan

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter taksysjauffeurs kinne foarearst noch oer de busbaan op de Oostergowei. Ek wurdt der noch besjoen oft se tenei oer It Beursplein ride meie, lykas bussen.
Oerlis tusken de gemeente Ljouwert en de Ljouwerter taksybedriuwen hat dat opsmiten. Yn de takomst wurde taksy's tenei mooglik beskôge as part fan it iepenbier ferfier.