Radomski twa duels skorst

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Arek Radomski is foar twa wedstriden skorst. Hy krige snein yn de wedstriid tsjin NEC in reade kaart foar neitraapjen. NEC-spiler Hristov dy't yn 'e selde wedstriid ek read krige, mei 4 wedstriden net meidwaan.
Arnold Bruggink hat in skikkingsfoarstel fan 5 wedstriden skorsing krigen foar syn earmtakke tsjin Hearrenfeanspiler Van Gessel. Bruggink giet net akkoart.