Deade by bedriuwsûngefal
In 45-jierrige man út Surhústerfean is tiisdei by in bedriuwsûngefal om it libben kaam. De man wie oan it wurk op in steger fan fjirtjin meter heech. Troch ûnbekende oarsaak foel de man dêr ôf en dat hat er net oerlibbe.
De arbeidsynspeksje stelt in ûndersyk yn.