Harns striidt foar behâld MAVO

28 nov 2000 - 16:35

De gemeente Harns besiket MAVO De Klokslag foar de stêd te rêden. De skoalle moat ticht om't der te min learlingen binne. De Anna Maria van Schurmanskoalle yn Frjentsjer - dêr't se ûnder falle hat dat besluten.

Harns wol no eardere fúzjeplannen fan it Van Schurman mei de RSG Harns nij libben yn blaze. De learlingen hoege dan net alle dagen nei Frjentsjer te reizgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)