Bûtenfjild wer obstakelfrij

28 nov 2000 - 16:11

De ferkearremmers yn it Bûtenfjild by Feanwâlden wurde der wer weihelle. De gemeente Dantumadiel hat dat moandei besluten. Tsjin de obstakels binne 1000 protesthantekens sammele.

It ferkear moat om 'e obstakels op 'e smelle dyk hinne slalomme. Fytsers wurde dêrby geregeld troch it autoferkear fan 'e sokken riden. Der komme no drompels en mear ferljochting by de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)