Toeristen wurdearje Skylge

28 nov 2000 - 16:10

Toeristen binne hiel tefreden oer Skylge. It ferbliuw op it eilân kriget yn trochsneed it sifer 8,4. In ûndersyksburo út Beetstersweach hat toeristen op de boat werom ûnderfrege.

De enketteurs hawwe ek de Skylgers sels ûnder hannen nommen. Twa op de trije steure harren oan it gedrach fan toeristen. Per jier oernachtsje twa miljoen fakânsjegongers op it eilân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)