Priis foar koarte film 'Boot'

© Omrop Fryslân
De koarte spylfilm 'Boot' fan 'e Jouster filmmakker Mirjam de With hat dit wykein de twadde priis wûn op it Filmfestival fan Gorkum. 'Boot' is earder troch Omrop Fryslân útstjoerd yn it programma No Wy.
Kameraman Gerko Jonker fan Omrop Fryslân die it kamerawurk fan 'Boot'. De film giet oer in psychopaat dy't by in ploech jongerein oan board stapt. Mirjam de With skreau ek it scenario fan 'Boot'.