Noard-Frysk protest nei UvA

© Omrop Fryslân
De stúdzjerjochting Frysk yn Amsterdam moat bliuwe. Dit skriuwt it Noardfryske parlemintslid Lars Harms oan it bestjoer fan 'e Universiteit fan Amsterdam (UvA).
It fak Frysk is in ûnmisber ûnderdiel foar de identiteit fan jimme lân, fynt Harms. Hy ferwiist nei lyksoartige diskusjes yn Dútslân. De stúdzje Frysk yn Flensburg stie ek lange tiid faai, mar koe dochs behâlden bliuwe.