Wurkbesite Augustijn oan Fryslân
Twadde-Keamerlid Marijke Augustijn (D66) komt moandei op wurkbesite yn de gemeenten Opsterlân en Smellingerlân. Spearpunt sil wêze de biologyske molkfeehâlderij yn it ROM-gebiet. Augustijn sil dêrfoar sels ek in tal boerebedriuwen besjen.
Jûns kin it publyk mei Augustijn prate yn De Vergulde Turf op 'e Gordyk. Dêr sil sy ek sprekke oer 'duorseme lânbou'.