Wei Harns-Surch dochs 4-baans

© Omrop Fryslân
It Ryk stelt dochs jild beskikber foar ferdûbeling fan 'e wei Harns-Surch en de rûnwei om Snits hinne. De provinsje moat de projekten foarfinansiere, sadat al yn 2006 begûn wurde kin mei it wurk. Ien en oar waard sneon bekendmakke.
Beide gemeenten hawwe lang foar de bouprojekten striden. Benammen de N31 by Harns is tige nuodlik. It Ryksjild komt der fanwege herskikking fan budzjetten.