Niemann ferbetteret eigen rekord

26 nov 2000 - 14:22

Gunda Niemann hat sneon har eigen wrâldrekord op de 5 kilometer ferbettere. Dat wie by de Wrâldbekerwedstriden yn Thialf op It Hearrenfean. De Dútse ried de ôfstân yn 6.55,34. Lângenoate Anni Fiesinger waard twadde.

Bêste Nederlânske wie Renate Groenewold mei in fyfde plak. Tonny de Jong waard achtste. In nij PR foar de jonge Wieteke Cramer wie goed foar in alfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)