MCL wol prate oer pacemakers

25 nov 2000 - 16:58

Trije pasjinten fan it MCL krije meikoarten fan it sikehûs in oprop om te praten oer har pacemaker. Freed waard bekend dat it type dat hja drage útfalle kin as de drager troch in 'antidiefstalpoortje' rint.

Yn totaal binne der op de wrâld sa'n 26.000 eksimplaren fan dit type ferkocht. It is net bekend oft oare Fryske sikehuzen ek sa'n pacemaker ynset ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)