Koerdyske famylje moat fuort

© Omrop Fryslân
De Koerdyske famylje Düzgün moat dochs it lân út. De IND hat in nije asyloanfraach ôfwiisd. Allinne de twa jonges meie bliuwe. De famylje kaam yn it nijs om't se, nei in oare ôfwizing, yn in fytstunnel op It Hearrenfean wennen.
Nei't dûmny Nicolay har har lot oanlutsen hie, krige de famylje in goed dak boppe de holle. Ek waarden nije prosedueres opset foar asyl. Om 'e nocht dus.