Earste ynternetsupermerk súkses

24 nov 2000 - 12:37

De earste ynternetsupermerk fan Fryslân slacht oan. By de Albert Heijn oan 'e Tynjedyk yn Ljouwert kinne klanten boadskippen dwaan fia ynternet. In tsiental klanten makket al gebrûk fan de service.

Albert Heijn neamt dat oantal klanten in grut súkses. De winkel is fjouwer wike lyn begûn mei de firtuele supermerk. Yn 'e kommende moannen moat it oantal klanten fierder tanimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)