Allochtoanekrante wurket

24 nov 2000 - 11:02

De 'allochtoanekrante' docht fertuten. Fan de krante, mei dêryn wurksykjende allochtoanen, komt meikoarten in twadde edysje út, mei 150 wurksykjenden.

Trije wike lyn is de earste krante nei 60.000 bedriuwen yn it Noarden stjoerd. Op dit stuit ha tsien minsken in baan fûn fia de krante, mar arbeidsfoarsjenning is mei noch hûndert bedriuwen yn petear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)