Winkellju kleie oer berikberens

© Omrop Fryslân
De renovaasje fan it sintrum fan Ljouwert sil de kommende jierren noch in soad klanten kostje. De middenstân wie woansdei skeptysk by de presintaasje fan 'e nije faze fan de grutte opknapbeurt.
Nei de Nijstêd binne no de Kelders en it gebiet om de Achmeatoer hinne oan bar. Yn 2004 is dan de hiele binnestêd wer as nij. De ûndernimmers kleie oer de berikberens fan 'e winkels.