Oanhâlding yn sedesaak

23 nov 2000 - 13:22

De plysje liket mei de oanhâlding fan in 53-jierrige man út Wieringen in grutte sedesaak op it spoar te wêzen. De plysje kaam de saak op it spoar nei de anonime melding dat op parkearplak De Lanen by de Tsjûkemar in jonge (14) foar prostitúsje oanbean waard.

Ut ûndersyk die bliken dat de jonge misbrûkt waard troch de Wieringer. Der binne mear jonge slachtoffers fan de man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)