Mooglik mear plysjes oplaat
It tal opliedingsplakken fan plysjes yn Fryslân sil ferdûbele wurde. Dat is alteast it útstel fan it LSOP, it lanlik opliedingsynstitút foar de plysje.
Op dit stuit wurde by it regionaal Opliedings Sintrum Friese Poort yn Ljouwert trije groepen oplaat. De skoalle is frege om dy kapasiteit foar takom jier te ferdûbeljen.