Huzeprizen jeie jeugd doarp út

© Omrop Fryslân
Huzen yn de lytse doarpen wurde hieltyd djoerder. Jongeren kinne prizen fan op syn minst fiif ton foar in wenning net betelje en lûke as gefolch út it berteplak fuort. It sosjale libben op de doarpen stiet dêrtroch ûnder druk.
De Feriening Lytse Doarpen makket him soargen oer dy ûntjouwing. Yn in brief oan de provinsje sprekt de Feriening syn soargen oer de leefberens út.