Earste kompostearkontener

© Omrop Fryslân
Dantumadiel begjint as earste gemeente yn Nederlân mei in nije kompostearkontener, de saneamde BioCom. It giet om in proef fan in jier. Fan maart ôf sammelje 35 minsken har griente- en túnôffal dat yn de kontener kompostearre wurdt.
De gemeente hiert de konteners dy't in protte op de gewoane grize ôffalbakken lykje. De gemeente Smellingerlân toande ek al belangstelling foar de BioCom.