Dochs jachthaven Koatstertille

© Omrop Fryslân
Koatstertille krijt in jachthaven. De gemeente Achtkarspelen en projektûntwikkelder Moore binne it dêr tiisdei oer iens wurden. Takom jier begjint de oanlis fan de haven dy't 30 miljoen kostet.
Koartlyn namen B en W noch it beslút fan de jachthaven ôf te sjen om't it plan te lang op him wachtsje liet. De ried wie it net iens mei dat beslút. Der komme 75 lisplakken en der komt in skipsmakelder.