Frjemde man yn de tún

22 nov 2000 - 13:01

In ûnbekende man hat tiisdei in 34-jierrige ynwenster fan Wolvegea skrikke litten. De frou hearde ien op de achterdoar klopjen. Doe't se der hinne rûn, seach se in frjemde man yn de achtertún stean.

De man hie de broek op de knibbels. Syn gesicht wie bedutsen. Doe't de frou de yndringer op syn gedrach oansprekke woe, rûn er fuort. Hy wie tusken de 25 en 35 jier en hie in normaal postuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)