Fûns foar biomedyske bedriuwen

© Omrop Fryslân
Begjinnende biomedyske bedriuwen kinne by it útwurkjen fan ideeën rekkenje op finansjele stipe. It inisjatyf foar in ûntwikkelingsfûns komt fan de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij en in kommersjeel advysburo.
Earder sette de NOM al in suksesfol fûns op foar startende bedriuwen yn de ICTsektor. Der is twa miljoen gûne beskikber foar de begjinnende ûndernimmers.