Finzenisstraf foar Burgumer

22 nov 2000 - 11:01

In man (28) út Burgum is feroardiele ta in jier finzenisstraf, foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngemak. De man moat boppedat syn motor ynleverje en mei 2,5 jier net ride fan de rjochter.

De Burgumer wie ferline jier juny belutsen by in ûngelok by Feanwâlden. Hy ried sûnder helm en hie tefolle dronken. Syn meipassazjier ferstoar doe't er út de bocht fleach. Hy rekke sels ferwûne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)