Weststellingwerf kapt mei Diftar

21 nov 2000 - 18:12

De ynwenners fan Weststellingwerf kinne wer sa faak as se wolle de smoargenskonteners oan 'e dyk sette. De gemeente hâldt op mei it saneamde Diftar-systeem wêrby't húshâldens oanfitere wurde om de konteners sa min mooglik by de dyk te setten.

Bliken docht dat Diftar tûzenen ynwenners op hege kosten jaget. B en W wolle dat net en stelle út der mei te kappen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)