Undersyk 'earmtakke' Bruggink

© Omrop Fryslân
De iepenbiere oanklager is út ein set mei in foarûndersyk nei PSV'er Arnold Bruggink. De oanfaller rekke sneon yn de wedstriid tsjin Hearrenfean mei syn earmtakke it gesicht fan Van Gessel.
Alle partijen moatte skriftlik ferklearje wat der krekt bard is. Ek de fideobylden fan de wedstriid wurde besjoen. Dêrnei beslút de oanklager oft Bruggink ferfolge wurdt.