Hannel yn slachtkij op 'e rêch

21 nov 2000 - 12:13

It giet min mei de Fryske hannel yn slachtkij. Alle negative publisiteit om BSE hinne yn benammen Frankryk en Ingelân, hat no ek syn wjerslach op 'e Fryske hannel yn kij.

De lêste wiken is de priis fan slachtkij mei hûnderten gûnen sakke. Dat leit him net yn 't foarste plak oan de konsumpsje yn Nederlân, mar oan 'e eksport nei bygelyks Frankryk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)