Reorganisaasje fan supermerken

© Omrop Fryslân
Alle supermerken fan de Nieuwe Weme, Super de Boer en Edah yn Fryslân wurde de kommende twa jier omboud ta Konmar. Gemiddeld wurdt foar rûchwei oardel miljoen gûne yn de winkels ynvestearre.
Moandei waard bekend dat it memmebedriuw Laurus fan doel is alle formules fan it bedriuw ûnder te bringen yn ien nije formule: Konmar. Laurus wol sa de konkurrinsje oangean mei Albert Heijn.