Skatkeamer fan Sinteklaas

© Omrop Fryslân
Museum Willem van Haren op It Hearrenfean is yn de sfear fan Sinteklaas. Der binne topstikken út it priveemuseum fan de âld-hillichman te besjen. Hoe sjocht it himelbêd fan de Sint derút en wêr bewarret er de ferlanglistkes fan de bern?
De útstalling toant de lange tradysje fan Sinteklaas. Foar bern wurde yn de wykeins en op woansdeimiddeis aktiviteiten hâlden lykas surprises-meitsjen.