Nije stúdzje by Van Hall

20 nov 2000 - 12:35

Der is in protte belangstelling foar de nije oplieding Kust- en Seestúdzjes oan it Van Hallynstitút. Dat bliek op de iepen dei sneon dêr't 1100 minsken wienen. De dei wie ûnderdiel fan in lanlike kampanje fan it Heger Agrarysk Underwiis.

Likernôch 40 ynteressearren seagen by de nije rjochting. De stúdzje rjochtet him op it grinsgebiet fan ekonomy en ekology yn kust- en wetterprojekten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)