Grutte alkoholkontrôle

20 nov 2000 - 10:17

Mear as tûzen automobilisten binne yn it wykein op alkohol kontrolearre troch de plysje. Dêrfan krigen 34 in rydferbod fan twa oant acht oeren oplein om't se tefolle dronken hienen.

Op ferskillende plakken yn de provinsje kontrolearre de plysje de bestjoerders ek op oare ferkearsoertredingen. In tal waard bekeurd om't se gjin rydbewiis by har hienen of te hurd rieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)