Sûnensboulevard by stadion

© Omrop Fryslân
De dielnimmers oan de saneamde sûnensboulevard yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean ha freed op it fuotbalfjild traind. It wie it ludike begjin fan it projekt mei 13 Fryske ynstânsjes op it mêd fan sûnenssoarch en sport.
It doel fan de boulevard is dat minsken út it hiele noarden der terjochte kinne foar alderhanne sûnenskwestjes. Yn 2002 moat de sûnensboulevard klear wêze.