'Wêr Bisto' is no platina

© Omrop Fryslân
Fan Wêr Bisto?, de nûmer ien-hit fan it Wergeaster duo Twarres, binne 60.000 eksimplaren ferkocht. Wêr Bisto is dêrmei goed foar platina. It liet stiet al wer trije wike op nûmer ien.
Wêr Bisto is noch net de bêst ferkochte Fryske CD-single út 'e hitskiednis. Yn 1997 waarden fan 'In nije dei' fan De Kast 75.000 eksimplaren ferkocht, mar dat nûmer berikte nea it earste plak. Dêr stie doe Elton John mei it nûmer 'Candle in the wind'.