Bijen Skier moatte ferhúzje

17 nov 2000 - 12:52

Tweintich fan de 35 bijekasten dy't de Stichting Station Carnicateelt op Skiermûntseach delset hat, moatte ferhúzje nei in oar plak. De gemeente wol in ûntheffing jaan foar maksimaal 15 kasten, om't omwenners der in soad lêst fan ha.

De bijen binne wol wolkom op it eilân, mar net yn sa'n grut tal op it hjoeddeistige plak, yn 'e buert fan it swimbad. In part sil dan ek ferhúzje moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)