Túnsintrum folslein ôfbaarnd

© Omrop Fryslân
It kin wol oant maart duorje ear't túnsintrum Europatuin yn Snits wer iepenje kin. Woansdeitenacht baarnde it sintrum folslein ôf. De nijbou oan de oare kant fan it terrein waard net oantaast.
Neffens de eigner is de brân yn it tsjettelhûs begûn en sloech it dêrnei oer nei de loads. It sintrum wie hielendal ree foar de Krystdagen en hie in soad foarrie yn hûs.