'Frysk yn Amsterdam opdoeke'

© Omrop Fryslân
'Unferstannich', sa neamt RUG-heechlearaar Frysk De Haan it krewearjen fan 'e Fryske Akademy foar de haadfakstúdzje Frysk yn Amsterdam. De UvA leveret yn seis jier tiid mar ien doktorandus ôf, wylst de provinsje der 120.000 gûne jiers foar betellet, seit De Haan.
De Fryske Akademy betellet ek mei oan 'Amsterdam'. De akademy wol dat yn 'e Rânestêd it haadfak Frysk bliuwt.