Beslút azc yn Gaasterlân útsteld

© Omrop Fryslân
De gemeenteried fan Gaasterlân-Sleat wol earst it draachflak ûndersykje foar in azc by sportkompleks De Wilgen by Balk. De ried besleat dat tiisdei op in riedsgearkomste dêr't in soad minsken út Harich en Rûgehuzen by oanwêzich wiene.
De bewenners fan dy plakken fine dat in azc net past yn it iepen gebiet. In mearderheid fan 'e ried is wol foar, mar wol wachtsje mei in tariedingsbeslút.