Suvelfabryk Sint Nyk ticht
It tsiisfabryk fan Sint Nyk hat woansdei definityf de doarren sletten. It fabryk is yn 1912 oprjochte as koöperatyf suvelfabryk De Volharding. De sluting is in gefolch fan 'e reorganisaasje by Friesland Coberco Dairy Foods.
De produksje wurdt oernommen troch it suvelfabryk yn Dronryp. De gebouwen yn Sint Nyk gean sa goed as wis tsjin de flakte.