Bou ICT-sintrum út ein set
Op it Business Park yn Ljouwert is tiisdei de earste peal slein foar it nije ICT-sintrum. Yn it moderne gebou sille de wizzkids fan de takomst Ljouwert op de digitale kaart sette.
Yn it gebou kinne jonge starters en besteande bedriuwen elkoar stimulearje. Yn it Westen sitte safolle ICT-bedriuwen dat der gjin stroom genôch is. Ljouwert soe dêr op ynspylje moatte.