PvdA wol mear jild foar needhelp

© Omrop Fryslân
De PvdA-steatefraksje wol jild foar humanitêre needhelp oan minsken sûnder ferbliuwsstatus. Fierder wol de PvdA net dat de subsydzje oan Molukkers yn Noard-Nederlân ophâldt. Dat soe op dit stuit in ferkeard bestjoerlik sinjaal wêze.
De PvdA bringt dizze punten woansdei yn yn de kommisje Wolwêzen. Dy praat dan oer de nije minderhedenotysje.